Wy stimulearje dat ús ynwenners en de meiwurkers fan de gemeente Opsterlân it Frysk sprekke en brûke
Omschrijving (toelichting)
Wy stimulearje dat ús ynwenners en de meiwurkers fan de gemeente Opsterlân it Frysk sprekke en brûke.
Wy organisearje kursussen foar ús meiwurkers. Boppedat gean wy yn petear mei organisaasjes wêr’t wy in subsydzjerlaasje mei hawwe, oer de mooglikheden dy’t sy hawwe om it Frysk te brûken en sichtber te meitsjen. Wy sille oan nije gemeentlike projekten in Fryske namme jaan.
By ferfanging fan plaknammebuorden wurdt de Fryske namme boppe de Nederlânske namme setten.
Kwaliteit (toelichting)
Yn 2023 hawwe wy it Frysk taalbelied útfierd. Sa hawwe der foar amtners fjouwer Fryske kursussen bard. Frysk Leare module 1 (twa kear); tink hjirby oan in basiskursus foar it Frysk ferstean en lêze. Frysk Leare module 2 wy it ferfolch op module 1 en wy in ferdjipping fan de kennis en it tapassen fan de wurdskat. Frysk skriuwe module 1 wy foar elkenien dy ’t Frysk skriuwen leare woe. Dêrneist wurdt no by ferfanging fan plaknammebuorden de Fryske namme boppe de Nederlânske namme setten.