Wy stimulearje dat ús ynwenners en de meiwurkers fan de gemeente Opsterlân it Frysk sprekke en brûke
Omschrijving (toelichting)
Wy stimulearje dat ús ynwenners en de meiwurkers fan de gemeente Opsterlân it Frysk sprekke en brûke.
Wy organisearje kursussen foar ús meiwurkers. Boppedat gean wy yn petear mei organisaasjes wêr’t wy in subsydzjerlaasje mei hawwe, oer de mooglikheden dy’t sy hawwe om it Frysk te brûken en sichtber te meitsjen. Wy sille oan nije gemeentlike projekten in Fryske namme jaan.
By ferfanging fan plaknammebuorden wurdt de Fryske namme boppe de Nederlânske namme setten.
Kwaliteit (toelichting)
Neidat de gemeenteried ein 2021 it nije Frysk Taalbelied middels de nota "Romte foar Taal" fêststeld hat, is in subsydzje oanfrege by de provinsje Fryslân foar de útfiering fan it nije belied. Mei dizze subsydzje fan € 10.000,00 is yn 2022 begûn mei it organisearjen fan kursussen foar de eigen amtners. It giet dan om "Frysk ferstean en lêze" en "Frysk skriuwe". Dizze kursussen wurde yn 2023 fuortset.
Fierders wurdt besocht om eltse moanne omtinken te jaan oan Fryske Freed, wêrby oansletten wurdt by "Sichtberens foar it Frysk", troch in publikaasje as gemeentlik nijs yn it Frysk nei bûten te bringen.